bondsinsigne

Steekinsigne

Zilveren collier

Zilveren collier

Krekt as by de eardere lânlike/provinsjale muzykorganisaasjes binne der ek by de OMF spjeldsjes te krijen foar jubilearjende leden en diriginten fan de by de OMF oansletten ferienings.

De OMF hat hjirfoar in spesjaal eigen model ûntwerpe litten mei in G sleutel op in pompebled. (sjoch foto). Der binne no ek kolliers foar de froulju. Dy ha no de kar.

De jubileumspjeldsjes binne beskikber foar:

Muzikanten:

12,5 jier muzikant     brûns mei oarkonde
25 jier muzikant        sulver mei oarkonde
40 jier muzikant        goud mei oarkonde
50 jier muzikant        goud 50 mei oarkonde
60 jier muzikant        goud 60 mei oarkonde

Majorette/Twirl:

5 jier maj./tw,            brûns mei oarkonde
10 jier maj./tw.          zilver mei oarkonde
15 jier maj./tw.          goud mei oarkonde
20 jier maj./tw.          goud mei ?
25 jier maj./tw.          goud mei ?

Dirigenten:

10 jier dirigint           brûns mei oarkonde
20 jier dirigint           sulver mei oarkonde
30 jier dirigint           goud mei oarkonde
40 jier dirigint           goud mei ?
50 jier dirigint           goud mei?

Ferieningsjubileum:

Foar in jubileum fan in feriening fan it 25, 50, 75, 100, ensfh. jierrich bestean (dus 25 jier syklus) kin op oanfraach in spesjale jubileumoarkonde beskikber steld wurde. Dizze oarkonde kin oanfrege wurde by Johan Meesters fia email: voorzitter@omfryslan.nl.

De kosten fan de jubileum spjeldsjes binne op dit stuit:

– brûns mei oarkonde                     €. 20,00
– brûns/kollier mei oarkonde          €. 26,00
– sulver mei oarkonde                    €. 33,75
– sulver/kollier mei oarkonde         €. 40,75
– goud mei oarkonde                     €. 40,90
– goud/kollier mei oarkonde          €. 48,40
– goud 50 mei oarkonde               €. 44,60
– goud/kollier mei oarkonde         €. 52,20
– goud 60 mei oarkonde              €. 44,60
– goud/kollier mei oarkonde        €. 52,20

Mei ´goud mei?´ wurdt bedoeld dat mei de oanfreegjende feriening besprutsen wurdt oft der in jiertal yn gravearre wurdt of dat der bygelyks in lyts edelstientsje (safierke) ynsetten wurdt, wêrtroch it spjeldsje hiel spesjaal wurdt. Dêrfoar jildt dan de deipriis.

 

Wannear in jubileum?

By in jubileum giet it der yn dit gefal net om dat de jubilaris de oanjûne perioade lid of dirigint is fan deselde feriening, mar dat hy of sy sa lang muzikant of dirigint is. Soms is de oanbelangjende persoan ek sa lang lid of dirigint fan de oanfreegjende feriening, mar dat is dan in bykomstichheid en dus net de haadsaak.

Bestelle jubileum spjeldsjes:

De feriening dy’t in jubilearjende dirigint of ien of mear jubilearjende leden huldigje wol kin de jubileum spjeldsjes mei oarkonde (leafst per email) bestelle by de ponghâlder fan de OMF: Eveline van Kempen mei in mailtsje nei: penningmeester@omfryslan.nl

Yn ferbân mei de oarkonde dy’t dêrby heart dan graach ek oanjaan: de namme fan de oanbelangjende dirigent / leden en de datum en plak fan útrikking.

De útrikking sels:

Dêr binne ferskillende mooglikheden foar:

  • Utrikke troch de feriening sels:

De feriening kin de jubileum spjeldsjes séls oan de jubilaris(sen) útrikke of kin dat dwaan litte troch in troch de ferienings sels keazen persoan, bygelyks in VIP of in bekend persoan út it eigen wenplak, of troch de boargemaster, in wethâlder, ensfh.

  • In bestjoerslid fan de OMF kin de jubileumspjeldsjes útrikke. Yn dat gefal wurdt frege wat ynformaasje oer de jubilaris beskikber te stellen. Mocht der op de datum en it tiidstip fan útrikking gjin bestjoerslid fan de OMF beskikber wêze , dan sil de fereining sels foar útrikking soargje moatte.

Op tiid oanfreegje:

Jo wurde frege om de jubileum spjeldsjes op tiid oan te freegjen, foaral wannear’t de foarkar út giet nei útrikking troch in bestjoerslid  fan de OMF. It sykjen nei in bestjoerslid dat op’e winske datum en tiid beskikber is foar it útrikken freget nammentlik faak wat tiid. Fan de spjeldsjes binne yn’e regel genôch op foarried. Utrikking troch de feriening sels kin dêrom meastal wol yn koarte tiid ( sa nedich in pear dagen) regele wurde.